Brânwacht Kollum temin minsken

03 jan 2013 - 15:24

It wurdt foar de brânwacht yn Kollum hieltyd dreger om oerdei de feilichheid te garandearjen troch in tekoart oan beskikbere frijwilligers. Dêrom moat der gau in nije mienskiplike brânwachtkazerne komme mei de brânwacht fan Bûtenpost. Dat seit boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. Neffens him leit it foar de hân dat de nije kazerne tusken Bûtenpost en Kollum ynkomt. It tekoart oan beskikbere minsken yn Kollum spilet al langer mar is it ôfrûne jier allinnich mar slimmer wurden. Sa ferdwûn drukkerij Banda as grutte wurkjouwer út it doarp.

Dêr wurke in tal frijwillige brânwachtminsken dy't no oerdei bûten de provinsje binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)