Fytser slim ferwûne by botsing

03 jan 2013 - 13:05

By in botsing op de Bergleane yn Drachten is tongersdei in fytser slim ferwûne rekke. De man kaam yn botsing mei in auto. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. By in oanriding tusken twa auto's op de krusing Blauhústerwei/Boelenswei is by in botsing tusken twa auto's ien persoan licht ferwûne rekke. Op de rotonde by De Jouwer ried in auto tsjin in lantearnepeal, de bestjoerder rekke licht ferwûne. Der ûntstie in skoftke in flinke file tusken Aldehaske en de rotonde. By it knyppunt Hearrenfean gie in frachtauto troch de fangrail.

De sjauffuer kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
botsing ûngelokken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)