Frachtwein fan de dyk op A7

03 jan 2013 - 12:27

Op it knyppunt fan de A7 by It Hearrenfean is tongersdeitemoarn in frachtwein fan de dyk rekke. Om de frachtauto te bergjen, is de ôfrit nei de A32 rjochting Meppel ôfsletten. De bergingswurksumheden duorje oant kertier oer ienen. Op deselde A7 stiet tusken Aldehaske en knyppunt De Jouwer in file fan 3 kilometer.

Trefwurden: 
frachtwein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)