Haak siket nij personiel

03 jan 2013 - 12:17

Masinebedriuw Haak op De Gordyk, dat yn septimber noch fallyt ferklearre waard, siket in tsiental nije personielsleden. Haak is oernaam troch it bedriuw Value8. Dat wol de lokaasje op De Gordyk no brûke foar it opfangen fan de groei fan fabriken yn de Rânestêd. It bedriuw kin útwreidzje om't de merk yn it bûtenlân oan it groeien is. Neffens Aris Blok wurdt benammen socht nei technysk personiel. As de groei trochset wol Haak it personielsbestân noch fierder útwreidzje.

Trefwurden: 
De Gordyk masinebedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)