Jongeren Wolvegea rêde frou

Fjouwer jongeren út Wolvegea binne woansdei op de nijjiersresepsje fan de gemeente yn it sintsje setten foar harren heldhaftige optreden yn de âldjiersnacht. By in appartemintekomplex oan de Silverleane yn Wolvegea wie brân ûntstien op in balkon en it fjoer drige oer te slaan nei de wenning.
De bewenster fan it appartemint lei te sliepen. Twa fan de jongeren binne fuortendaliks op it balkon klommen en hawwe de frou nei bûten brocht. De oare twa makken de oare bewenners fan it gebou wekker en holpen om te blussen.