Flyers wint fan Geleen

© Nicolien Sijtsema
De Friesland Flyers ha de earste wedstriid yn 2013 mei 3-0 wûn fan Ruijters Eaters Geleen. Kevin Bruijsten sette de Flyers yn de earste perioade op foarsprong. Alexandr Terjohins ferdûble de skoare. Yn de twadde perioade wie it krûd damp, mar yn de lêste perioade seagen de 1300 taskôgers opnij in goal fan Kevin Bruijsten. Goaly Martin Oosterwijk fan de Flyers koe tefreden wêze, hy hie syn goal skjinholden. Troch de winst ha de Flyers it tredde plak no hiel stevich yn hannen.