Telefoanline iepen foar Raard

02 jan 2013 - 21:30
  • Telefoanline iepen foar Raard
  • Harkje nei boargemaster Waanders
  • Harkje nei foarsitter Feddema fan Pleatselik Belang

De gemeente Dongeradiel iepenet in spesjale telefoanline foar minsken dy't fragen hawwe nei oanlieding fan it slimme ûngelok yn Raard yn de nacht fan âld en nij. Dat is woansdeitejûn bekend makke op in gearkomste foar de doarpsbewenners, yn doarpshûs De Nije Pôle.

It nûmer is 0519 - 298 800 en it is de kommende dagen te berikken fan healwei njoggenen moarns oant tsien oere jûns. Ek it doarpshûs is de kommende dagen iepen. Dat is fan middeis twa oant jûns tsien oere.

(advertinsje)