Jorwert wint priis foar krante

02 jan 2013 - 20:12

Doarpskrante De Hiele Toer út Jorwert wint dit jier de priis foar de bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk fan de gemeente Littenseradiel. De redaksje krige woansdei op de nijjiersresepsje fan de gemeente in bedrach fan 500 euro. De twa oare nominearren wiene Nijs.dok út Winsum en De Baarder Kat út Baard. Meielkoar wiene der 107 stikken ynstjoerd nei de sjuery. Der waard sjoen nei it Frysk, mar ek nei de nijswearde en de skriuwstyl.

Neffens de sjuery wie it dreech om in winner oan te wizen. Mooglik komt der dêrom takom jier in top trije, dêr't dan it prizejild ûnder ferdield wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)