Plysje ferwûne by oanhâlding

In plysjeman is yn de nacht fan tiisdei op woansdei ferwûne rekke by in oanhâlding yn Ljouwert. De plysje wie op in melding fan rúzje tusken in 26-jierrige Roemeen en in frou. Doe't de plysje by it plak fan de rûzje oankaam siet de frou ûnder it bloed. De man bemuoide him mei it petear tusken de plysje en de frou, en hy folge oanwizings fan de aginten om ôfstân te hâlden net op.
De man waard hjirnei mei geweld oanhâlden. De plysjeman rekke hjirby ferwûne oan syn hân. De fertochte sit noch fêst.