Drachten moat mear gearwurkje

02 jan 2013 - 09:40

De gemeente Smellingerlân moat flink ynsette op gearwurking mei oare gemeenten. Dat sei boargemaster Tjeerd van Bekkum snein op de nijjiersrespesje yn De Lawei yn Drachten. Van Bekkum fynt it wichtich om gear te wurkjen yn ien noardlike regio.

Yn dit lânsdiel Noard soe Smellingerlân him profilearje kinne as in ynnovative gemeente, fanwege de bedriuwen dy't yn dy gemeente binne, lykas Philips. Fierder hat Drachten in soad MBO-skoallen dêr't se op ynsette kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)