Slachtoffer Raard ferstoarn

De helptsjinsten wiene manmachtich yn Raard om te helpen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ien fan de slachtoffers fan it slimme ûngelok fan âldjiersnacht by Raard is tiisdei ferstoarn. It giet om in man fan 59 út Raard. Dat meldt de gemeente Dongeradiel. Boargemaster Waanders is bot oanslein troch dit grutte ferlies foar de doarpsmienskip fan Raard.
De man stie nei it âldjiersfjoer te sjen, doe't in 42-jierrige frou út Dokkum mei har auto op de groep ynried. Der foelen 17 slachtoffers, 12 dêrfan lizze no noch yn it sikehûs. De ynwenners fan Raard binne bot fan slach, elk is belutsen by it ûngelok.
Woansdei is der oerlis tusken de gemeente Dongeradiel, Pleatslik Belang Raard, de skoalle en de tsjerke om te bepraten hoe't it doarp fierder omgean moat mei de gefolgen fan dit tragyske ûngefal.