Moannefisk oanspield op Amelân

Op It Amelân is tiisdei in deade moannefisk oanspield. It bist waard fûn troch heit en soan Paulus en Daniël Brouwer fan it eilân. Sij hiene fuortendalik troch dat it om in bysûndere fisk gie. It bist wie 1,55 bij 1,22 meter.
Earder dit jier waard der ek al in moannefisk oantroffen by It Amelân. Dy libbe noch en is opnaam yn it Amelanner natuermuseum. Wat der mei dit eksimplaar barre sil is noch net bekend.