Bergsma oanriden op it iis

Jorrit Bergsma © ANP
Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is âldjiersdei by in training ferwûne rekke neidat hy oanriden waard troch in oare rider. Hy hat fjouwer hechtingen yn syn wynbrau. Bergsma waard fol fan achteren oanriden en foel mei de holle op it iis. De Nederlânsk kampioen op de 10 kilometer hat in blau each en pineholle. Oft hy woansdei meidwaan kin oan de NK massastart is noch net dúdlik.