Brânwacht rukt 86 kear út

01 jan 2013 - 11:04

De âldjiersnacht stie foar de helptsjinsten foaral yn it teken fan it ûngelok yn Raard by Dokkum, wêrby't 17 minsken ferwûne rekke binne. Fierders moast de brânwacht 86 kear yn aksje komme foar foaral lytse brantsjes. Op De Harkema wie brân yn in skuorre en by in sportkantine. Yn Wolvegea ûntstie brân op in balkon en op It Hearrenfean wie noch in wenningbrân.

Mei-inoar moasten yn de fiif Fryske sikehuzen 25 fjoerwurkslachtoffers behannele wurde en by de dokterswacht nochris 24 minsken.

Ofsjoen fan it slimme ûngelok by Raard wie it neffens de measte plysjesjefs en boargemasters in 'relatyf rêstige jierwiksel'. It wiete waar holp dêr by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)