Alden sliepe yn basisskoalle

01 jan 2013 - 10:02

Yn Bûtenpost ha âlden der foar soarge dat der net foar it tredde jier achterinoar foar tsientûzenen euro's skea feroarsake waard oan iepenbiere basisskoalle De Mienskip. Ien fan harren bewaakte de hiele jûn it skoalplein en in groepke oare âlden hat de nacht yn de skoalle trochbrocht. Ek de gemeente Achtkarspelen wie fertsjinwurdige; boargemaster Adema kaam del.

Neffens Adema is dit in goed foarbyld fan hoe't de mienskip sels saken oplosse kin. De skea fan âld en nij yn Achtkarspelen is weromrûn fan 100.000 euro nei in pear tûzen.

It beweitsjen fan de skoalle waard sa noflik mooglik dien; der wiene oaljekoeken en sjampanje foar de oernachtsjende âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)