Reuzeklompen yn De Folgeren

01 jan 2013 - 09:39

Frijsteat De Folgeren hat twa reuzeklompen út Steenbergen yn de tún fan appartemintekompleks Vreewyk yn Drachten pleatst. It giet neffens Bennie Veenstra fan de Frijsteat om klompen fan 850 kilo it stik, de grutste fan Nederlân.

It is foar de Frijsteat al wer de fyftichste nijjiersstunt. De nijjiersploech kaam foarhinne yn it nijs mei opfallende stunts lykas de stoel fan de kommissaris fan de Keninginne út it provinsjehûs en it prototype fan de sweeftrein. Foar leden en âld-leden fan de Frijsteat is der in reüny.

De reuzeklompen binne makke troch in keunstner. Dy is belle troch Veenstra fan de Frijsteat en hie gjin grutte beswieren tsjin de stunt.

Yn Nij Altoenae binne Aldjiersnacht 25 bushaltes pleatst as protest tsjin de busline dy't mei de nije tsjinstregeling út it doarp ferdwûn is. Yn Aldeberkeap dogge se dit jier gjin stunt. Se ha in ferbod fan twa jier oplein krigen yn ferbân mei it fuortheljen fan de Olympyske ringen yn Amsterdam ferline jier. Wol hawwe se freedtejûn de rotonde yn it doarp fersierd en in skandpeal pleatst mei in strop as protest tsjin it ferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)