Us Derek net yn Easterein

01 jan 2013 - 08:58

Grutte fraach op nijjiersdei is wêr't it hynder Derek fan Omrop Fryslân bedarre is. It hynder waard tongersdei stellen út in boks yn Drachten. Der wurdt tocht oan in âldjiersstunt. Sa like it moandei dat Derek Buitenzorg yn Easterein stean soe.

Yn it doarp stiet 'Frijsteat Folgeren, Geitefok, Holleeder of Omrop Fryslân. Alles is al sein. Wa seit dat Us Derek net syn opwachting makket yn Easterein'. Njonken it doek is in stek pleatst dêr't in hynder stean kin. Mar de âldjiersploech fan dat doarp sil hjir in oar hynder delsette.

Derek is net yn Easterein. Wêr't er wol is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)