MCL: 18 fjoerwurkslachtoffers

It MCL yn Ljouwert belibbe in drokke jierwiksel. It sikehûs krige fjouwer ferwûnen binnen fan it earnstige ûngelok yn Raard. Fierder wie it sikehûs drok mei achttjin fjoerwurkslachtoffers. Trije fan harren hiene eachletsel, twa fan harren hiene alkohokolfergiftiging. Alle oaren hiene brânwûnen oan liif en holle.
Om de grutte tarin oan pasjinten goed oan te kinnen hat it sikehûs ekstra minsken oproppen.