17 ferwûnen by ûngelok Raard

01 jan 2013 - 03:07
  • Frou rydt op publyk yn yn Raard: 17 minsken reitsje ferwûne
  • Beharkje ús reportaazje
  • Remco de Vries oer it ûngelok yn Raard

By in slim auto-ûngelok by Raard by Dokkum binne yn de âldjiersnacht santjin minsken ferwûne rekke. In frou (42) út Dokkum is oan De Tange ynriden op in groep minsken dy't nei it nijjiersfjoer stie te sjen. Alhoewol't it dêr drok wie, mindere de frou gjin snelheid. De bestjoerster is troch de plysje oanhâlden. De frou hie twa bern yn 'e auto.

Ambulânses, traumateams en oare helpferlieners binne gau nei Raard reizge om de ferwûnen te helpen. Santjin minsken waarden ôffierd nei ferskate sikehuzen. Fjouwer fan har rekken swier ferwûne.

De ferwûnen binne oerbrocht nei de sikehuzen fan Dokkum, Drachten, Ljouwert en Grins. Foar it ferfier fan de swier ferwûnen waarden ek twa traumahelikopters ynset.

Op it plak fan it ûngelok wiene sa'n 40 minsken oanwêzich. In soad fan har wiene tsjûge fan it ûngelok. Omstanners waarden opheind yn it doarpshûs fan Raard. Slachtofferhelp wie dêr ek by.

(advertinsje)