Oandielen Frl. Bank nei Achmea

Friesland Bank © ANP
De oandielen fan Friesland Bank Assurantiën, de fersekeringspoat fan de Friesland Bank, binne mei yngong fan âldjiersdei oergien nei Achmea. De offisjele keapoerienkomst is middeis ûndertekene. De aktiviteiten fan de Friesland Bank Assurantiën sille de kommende oardel jier stadichoan oerdroegen wurde oan Achema en de Rabobank.
Der wurdt besocht om de 105 meiwurkers safolle mooglik by de nije eigners oant it wurk te helpen.
De oername fan de ferserkingstak fan de Friesland Bank is in gefolch fan de oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank yn april dit jier.