Omrop siket âld-en-nij-nijs

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân ropt harkers, sjoggers en lêzers fan ynternet op om âld-en-nij-nijs troch te jaan. Bygelyks in bysûndere âldjiersstunt, mar ek kalamiteiten as brannen, fjochtpartijen of fernielings kinne trochjûn wurde fia de mail, op tip@omropfryslan.nl. Foto's binne ek wolkom.
Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân binne wol aktyf yn de âldjiersnacht, mar kinne net op alle plakken tagelyk wêze. De helptsjinsten komme pas yn de rin fan de moarn mei in oersjoch fan wat der allegear bard is.