Dronken Marrumer op de loop

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn Ljouwert in 51-jierrige automobilist út Marrum oanholden. De man hie tefolle dronken en besocht oan in plysjekontrôle te ûntkommen.
Plysjes seagen de man oer de Noorderweg yn Ljouwert riden. Omdat er it grut ljocht oan hie, ried de plysje achter him oan. De bestjoerder joech gas en besocht te ûntkommen oan de plysje. Hy negearde in stopteken. Uteinlik sette de Marrumer syn auto toch oan de kant. Hy hat proses-ferbaal krigen.