Himpkwekerij fûn nei oanriding

© ANP XTRA
De plysje hat sneintejûn yn Bakkefean in himpkwekerij fûn nei in oanriding. Dêrby binne in 24-jierrige Burgumer en in 40-jierrige frou út Bakkefean oanhâlden. Yn Wynjewâld wie immen tsjin in parkearde auto oanriden, mar dêrnei trochriden. De auto waard letter oan de Mjumsterwei yn Bakkefean fûn.
Ut in hús fierderop kaam de fertochte Burgumer en sei dat hy riden hie. De plysje gie it hús yn en trof dêr de 40-jierrige frou oan. Sy hie dronken, mar woe net blaze. Yn it hok fûn de plysje dêrnei de himpkwekerij.
De planten wiene al fuort, mar de romte wie noch wol ynrjochtte as kwekerij. Al it guod is yn beslach naam en wurdt ferneatige. De twa fertochten sitte fêst.