Brânstofdieven op De Lemmer

31 des 2012 - 10:51

Twa jonges fan 17 en 18 jier út Eastersee binne sneintenacht betrape op it stellen fan brânstof út in frachtwein. Dat barde op in bedriuweterrein oan de Slûsdyk op De Lemmer. In tsjûge seach de jonges stean by de brânstoftank fan de frachtauto. Hy fertroude it net en warskôge de plysje.

Doe't de plysje oankaam, wiene de jonges krekt útnaaid rjochting de sportfjilden. De plysje trof se oan yn in dug-out op ien fan de sportfjilden. Op it fjild lei in jerrycan mei brânstof. De fertochten binne fêstsetten op it buro.

Trefwurden: 
brânstofdieven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)