Ferwûne by oanriding Ljouwert

30 des 2012 - 17:18

Yn Ljouwert ís sneintemiddei by in oanriding op de Planetenleane in frou ferwûne rekke. In auto mei in echtpear út Drinte woe links ôfslaan nei de Anne Vondelingwei. In man dy't achter harren ried botste der mei frij hege snelheid achterop. De auto fan it echtpear waard dêrtroch lansearre en bedarre oan de oare kant fan de dyk. De man koe der sels út komme, de frou moast der troch de brânwacht úthelle wurde. Se is mei in pynlike nekke mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De man fan de oare auto mankearre neat.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)