Skea yn flat troch fjoerpylk

In fjoerpylk hat sneintemoarn foar flinke skea soarge yn in flat yn Drachten. De pylk bedarre yn de meterkast op de sânde ferdjipping fan in flatgebou oan de Tjaarda. De pylk wie fan bûten ôfsketten en fia in rútsje yn de meterkast kommen. Troch de ûntploffing kamen ferskate triedden bleat te lizzen en rekken de ynterkom en doariepening fan in appartemint bûten wurking. Troch de druk sprongen ek inkele ruten yn it appartemint en yn in mienskiplike hal.