Man 2 kear yn healoere betrape

30 des 2012 - 15:28

In 45-jierrige man út Haskerdiken is sneintemoarn syn auto kwytrekke. Hy waard yn in healoere tiid twa kear betrape op it riden sûnder rydbewiis. As gefolch dêrfan waard syn auto yn beslach nommen. By in ferkearskontrôle yn Ljouwert die bliken dat it rydbewiis fan de man ûnjildich ferklearre wie. Hy krige in bekeuring en in warskôging net fierder te riden. Hy sei ta de auto troch in oar ophelje te litten. Inkele minuten letter seagen plysjes deselde auto mei deselde man by Goutum riden. Syn auto is doe yn beslach nommen.

Trefwurden: 
rydbewiis betrape
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)