Ferfelende Snitser oppakt

30 des 2012 - 12:25

In 21-jierrige Snitser hat him sneontenacht misdroegen yn it sintrum fan syn wenplak. Plysjes stiene dêr te praten en de man bemuoide him dermei. Doe't de plysjes him fregen om fuort te gean, misledige hy harren en sloech er tsjin in ferkearsboerd. Fanwege dat gedrach waard er oanholden. Kunden fan de man besochten dat te ferhinderjen. Foar de eigen feilichheid helle ien fan de plysjes doe syn plysjehûn út de auto. De 21-jierrige Snitser is ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Snitser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)