Piet Kroes yn Voice Kids

29 des 2012 - 17:04

Alwer komt der in sjongtalint út Aldegea. No is it de 14-jierrige Piet Kroes. In pear wike lyn waard syn doarpsgenoat, de populêre Johannes Rypma, twadde by de Voice of Holland. By de Voice Kids smyt Piet Kroes hege eagen. Hy is freed de earste ronde trochkaam. De sjuery liet him unanym trochgean. De opnames binne alwer fan in skofke lyn, nei de simmer. No pas, nei de útstjoering fan freed wurdt Piet oerladen mei reaksjes op bygelyks Twitter. Sels fan namgenoat en model Doutzen Kroes.

It meidwaan oan talinteshows is net hielendal nij foar Piet. Hy waard ferline jier twadde by it Fryske bernesjongfestival Sjong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)