Bistjes yn oaljekoeken Wurdum

De jierlikse oaljebolle-aksje fan Brassband Looft den Heere út Wurdum is sneon yn mineur einige. Nei't sa'n 4500 oaljebollen ferkocht wiene, kaam de organisaasje derachter dat der swarte beestjes yn de bollen sitte. De minsken dy't in pûde oaljebollen kocht hawwe, kinne de bollen fuortsmite en de pûde wer ynleverje. De minsken krije dan harren jild werom. Wêr't de lytse swarte bistjes wei komme, is net bekend.