Flinke útwreiding De Kuilart

29 des 2012 - 12:43

Rekreaasjepark De Kuilart yn Koudum sil kommend jier útwreidzje. Earst mei 80 fakânsjewenningen, dêrnei komme der mooglik noch 150 by. It giet om in ynvestearring fan miljoenen euro's. Eigner Romke de Jong is al hast 10 jier dwaande mei de plannen. It bestimmingsplan wurdt yn jannewaris oanpast, sadat der begûn wurde kin mei de útwreiding. De ferkeap begjint yn jannewaris, de bou giet nei de simmer los. Der is neffens De Jong ferlet fan fakânsjewenningen mei in soad foarsjennings. Boppedat kinne eigners de wenningen fia De Kuilart ferhiere.

Trefwurden: 
Koudum De Kuilart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)