Twa bekeurings automobilist
De plysje yn Grinslân hat freed in 31-jierrige bestjoerder út Drachtsterkompenije oanhâlden. De man ried fierste hurd oer de A7 rjochting Grins. Boppedat ried er troch in read ferkearsljocht. De automobilist krige twa bekeurings en moat him by it CBR melde foar in kursus.