Ein oan hûsomrop Noardwest

28 des 2012 - 18:09

Yn Frjentsjer yn fersoargingshûs Saxenoord is freed nei 34 jier in ein kaam oan de húsomrop Noardwest Fryslân. Yn de bloeitiid stjoerde de omrop út yn fersoargingshuzen yn Harns, Tsjummearum, Wytmarsum, Tsjom en Frjentsjer.

De lêste 10 jier wiene der allinnich noch harkers yn dy lêste twa plakken. It belangrykste probleem is dat hege kosten makke wurde moatte om de studio oan te sluten op de nije digitale kabel yn de fersoargingshuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)