Minder besikers natuermuseum

It Natuermuseum Fryslân krige yn 2012 goed 59.000 besikers oer de flier. Dat is minder as ferline jier, mar fergelykber mei de besikersoantallen fan de jierren dêrfoar. Yn 2011 hie it museum in rekôrjier mei sa'n 80.000 besikers. Dat waard lykwols feroarsake troch in eksposysje oer Dinosauriërs, dy't allinnich al goed wie foar 30.000 besikers.
Neffens it museum wurde de hege oantallen besikers fan dit jier feroarsake troch de publisiteit oer it winnen fan de BankGiro Loterij Museumpriis. Ek it Beter Bezig Huis luts in soad folk.