Woudagemaal: 8500 besikers

28 des 2012 - 17:27

It Woudagemaal op 'e Lemmer is freed nei fjouwer súksesfolle dagen wer stilset. It njoggentich jier âlde gemaal waard moandei oanset en dat soarge fan 'e wike foar mei-elkoar hast 8500 besikers. Benammen mei de krystdagen stiene der lange rigen It gemaal krige lanlik ek in soad omtinken.

It Woudagemaal is it âldste noch wurkjende stoomgemaal fan 'e wrâld. It wurdt út en troch oanset as it wetter yn Fryslân te heech stiet.

Trefwurden: 
Woudagemaal
(advertinsje)