'Budzjet Museum moat omheech'

It ambysjenivo en it budzjet fan it Fries Museum moat omheech. Dat stiet yn 'e petysje foar provinsjale steaten en deputearre Jannewietske de Vries. Dy is ûndertekene troch 621 Friezen. Dy fine it Fries Museum in oanjager foar de Ljouwerter en de Fryske ekonomy.
It museum iepenet takom jier septimber de doarren. Fan 'e provinsje krije se dan 2,5 miljoen. Dat soe te min wêze om't it Grinzer en Drintsk Museum oant wol twa kear safolle krije. De petysje is skreaun troch Peter de Haan en Andries van Weperen. Dy sprekt fan in suterich belied.