Universitêre stúdzje toerisme

28 des 2012 - 12:06

De University Campus Fryslân krijt in masterstúdzje toerisme. Dat hawwe hegeskoalle Stenden, de Universiteit Grins en de University Campus Fryslân ôfpraat. It is it doel dat 50 oant 100 studinten fan oer de hiele wrâld nei Ljouwert komme om op universitêr nivo yn toerisme ôf te studearjen. De studinten oan Stenden kinne dêr ek trochstreame.

De stúdzje soe goed wêze foar it Frysk toerisme om't hjir in soad ûndersyk dien wurde sil troch studinten. Der binne amper universitêre toerisme-opliedings yn Europa. De ferwachtings binne heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)