Mear geweld tsjin plysje

28 des 2012 - 11:57
  • Mear geweld tsjin plysje
  • Sylvia te Wierik fan de Plysje Fryslân
  • Plysjeman Sytse Boersma wie slachtoffer fan geweld

It geweld tsjin de Fryske plysje is yn 2012 opnij tanaam. Mei-inoar wiene der dit jier 314 ynsidinten. Dat binne goed hûndert mear as ferline jier. Yn de measte gefallen giet it om skellerij, mar der binne ek plysjeminsken skopt, slein en biten. Yn fjouwer gefallen hat ien sels besocht op in plysjeman of plysjefrou yn te riden mei de auto.

Neist de taname fan it plysjegeweld is it tal ferkearsdeaden ek in bytsje omheechgien, sa litte de jiersifers fan de plysje sjen. Der binne boppedat mear gefallen fan húslik geweld.

Trefwurden: 
plysje geweld
(advertinsje)