Lûdsoerlêst yn Drachten
De plysje hat by in bewenster fan in hûs oan 't Suderhiem yn Drachten de muzykynstallaasje yn beslach naam. Dat wie neidat se tongersdeitejûn opnij foar lûdsoerlêst soarge hie. Earder wie de frou al in pear kear warskôge dat net te dwaan.
Tsjin de frou is proses-ferbaal opmakke.