Plysje kriget kopstjit en byt
In ynwenner fan Wolvegea hat tongersdeitejûn by syn oanhâlding in plysje in kopstjit jûn en yn 'e hân biten. De 28-jierrige man die dat doe't er oppakt wurde soe foar húslik geweld. De man soe syn 23-jierrige freondinne mishannele hawwe.
Neidat er yn boeien slein wie, wist de man ek noch in plysje-auto te fernielen. Hy is fêstset op it plysjeburo.