Feedokters drok mei leverbot

27 des 2012 - 20:34

Skiep, kij en hynders krije medisinen as se besmet binne mei leverbot. Op dy wize besykje feedokters de sykte te bestriden. Leverbot is in parasyt dy't de levers fan gersiters opfret.

De sykte komt no faak foar om't de greiden wiet binne en it wetterpeil heech is. De slakjes dêr't de leverbot út groeit as se mei it gers yn it liif komme, kinne allinnich oerlibje yn wetter. Foaral skiep binne de dupe, mar der binne folle mear soarten dy't gefaar rinne, lykas hazzen en reeën.

Trefwurden: 
fee leverbot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)