Tal besikers natoer byhâlde

It Fryske Gea wol net allinnich fûgels telle yn nasjonaal park De Alde Feanen, mar ek minsken. Hoe't dat betelle wurde moat is net dúdlik, wylst it wol hiel wichtich is om te witten hoefolle minsken oft it sompegebiet yngean.
Oan de hân fan de tellings kin neigien wurde oft de natoer der ek skea fan hat of krekt net. De ynformaasje kin brûkt wurde om te bepalen wêr't nije rekreaasjefoarsjennings komme moatte. It oerlisoergaan Nasjonaal Park Alde Feanen besjocht op it stuit hoe't it tellen fan de minsken krekt stal krije moat.