Grut taalûndersyk yn 2018

27 des 2012 - 15:56

Yn 2018 komt der in grut ûndersyk nei taal yn Fryslân. Dêrfoar hat wittenskipper Goffe Jensma tongersdei yn Frjentsjer de plannen presintearre op it Krystkongres foar Fryske studinten. It ûndersyk sil plakfine yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Der sille tsientûzenen minsken meidwaan oan it ûndersyk.

As Ljouwert Kulturele Haadstêd net trochgiet, sil it ûndersyk yn lytsere foarm dochs trochgean. It giet net inkeld om it Frysk, mar ek om oare talen. It ûndersyk hjit Landscape of Languages.

Yn it ûndersyk moatte minsken ûnder oare yn in deiboekje byhâlde hokker taal se tsjin wa prate. Undersocht wurdt ek wat de kwaliteit fan it Frysk is. Dat sil barre mei help fan in applikaasje foar de smartphone. Neffens Jensma wurdt it heech tiid dat der nij ûndersyk komt nei de kwaliteit fan it Frysk en it brûken fan de ferskate talen yn Fryslân. Jensma wol alle profesjonele Fryske organisaasjes lykas Afûk, Fryske Akademy, Omrop Fryslân en Tresoar by it ûndersyk belûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)