Brânstichting troch pûde klean

27 des 2012 - 10:10

De plysje fan Ljouwert docht ûndersyk nei in brânstifting fan tiisdeitejûn by in gebou oan de Wollegaastdam yn 'e Fryske haadstêd. Tsjin it gebou stie in pûde mei klean dy't oanstutsen waard.

Der ûntstie skea oan it gebou. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Ljouwert brân brânstichting
(advertinsje)