Hynder Derek stellen

27 des 2012 - 09:56

It hynder Derek Buitenzorg fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân is stellen. It bist is yn 'e nacht fan fan woansdei op tongersdei meinaam út ien fan de boksen fan Paard, Mens en Onderwijs yn Drachten. Derek stie by it ûnderwiisynstitút by te kommen fan syn kastraasje. Hoewol't rekken hâlden wurdt mei in nijjiersstunt, wurdt wol oanjefte fan de stellerij dien by de plysje.

Derek waard ferline jier oankocht troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân om him te rêden fan 'e slacht. Sûnt dy tiid wurdt er traind as draver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)