Fergees krystmiel Frjentsjer

Tsientallen Friezen kamen twadde krystdei ôf op in fergees krystmiel yn Frjentsjer. Dat waard organissearre troch twa tsjerken út dat plak. Alle jierren binne der in soad minsken dy't gjin krysttiid fiere kinne, bygelyks omdat se iensum binne of net genôch jild hawwe om in krystmiel op tafel te setten. Yn tsjerkegebou De Voorhof yn Frjentsjer wie spesjaal foar dizze groep minsken in feestmiel klearmakke troch frijwilligers.
It fergese krystmiel bestiet sûnt 2007 en wurdt no dus foar de sechsde kear hâlden.