Rixt Meijer wint NK maraton

26 des 2012 - 17:05

Reedrydster Rixt Meijer fan It Hearrenfean is woansdei yn Utrecht Nederlânsk kampioen op de maraton wurden. Se kaam ûngefear tagelyk mei Lisanne Soemanta oer de einstreek, mar omdat Soemanta fallend oer de streek kaam, waard har finish as ûnrjochtmjittich beskôge troch de sjuery. Soemanta waard dêrom weromset nei it tredde plak, wêrtroch't Meijer kampioene waard. Carien Kleibeuker ek fan It Hearrenfean, waard twadde. Meijer, Kleibeuker, Soemanta en Lisa van der Geest hiene mei har fjouweren in ronde foarsprong op it peloton.

Trefwurden: 
NK maraton Rixt Meijer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)