Ferskate ynbraken yn Fryslân

26 des 2012 - 14:10

Moandei en earste krystdei is der op ferskate plakken yn Fryslân ynbrutsen. Yn Peins waard út in wenning in televyzje stellen. Yn Harns ûntstie by twa huzen skea om't besocht wie yn te brekken. Ek yn twa wenningen oan de Lytse Súdein yn Twellingea wiene dieven warber. In televyzje waard meinommen. Yn Ljouwert waarden by trije ynbraken twa laptops, in fideokamera, in spulkompjûter en sieraden stellen.

Yn hast al dy gefallen wie it hûs tsjuster. De plysje freget minsken om altyd genôch ljochten oan te litten as se fuort geane.

Trefwurden: 
ynbraken ferljochting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)