Soad krystkuierders De Harkema

26 des 2012 - 12:25

Op 'e Harkema hawwe twadde krystdei sa'n 500 krystkuierders west. Dat is gjin rekôr, want yn 2008 wiene der 600. De organisaasje wie der goed op taret. Op earste krystdei is der foar 600 kuierders snert sean. De tocht op 'e Harkema gie oer 7, 13 of 20 kilometer. Elke rinner krige in bakje snert by oankomst.

Trefwurden: 
De Harkema krystkuier snert
(advertinsje)