Toeristyske groei falt noch ôf

Der komme yn Skarsterlân noch net in soad nije banen by yn de rekreative sektor. Dat is dúdlik wurden út in tuskenevaluaasje fan de gemeente. Skarsterlân wol dat de wurkgelegenheid yn de toeristyske sektor yn 2018 2% boppe it Fryske gemiddelde leit.
De wurkgelegenheid yn de sektor is sûnt 2008 wol wat groeid, mar net mear as yn de rest fan de provinsje. Neffens de gemeente komt dat benammen troch de krisis. Dêrneist kostet de útfiering fan sokke plannen minimaal fjouwer jier.